Optisport nimt Blomketerp oer

15 aug 2007 - 15:28

De swimbaden Blomketerp yn Frjentsjer en It Paradyske yn Kollum krije in nije eigner. It bedriuw Optisport nimt de eksploitaasje oer fan de Sportijn Group. Optisport beheart foar 41 gemeenten swimbaden; ek dy fan Snits, Harns en Dokkum.

De mear as 30 meiwurkers fan Blomketerp en it Paradyske hâlde harren baan. It doel is om Blomketerp en it Paradyske gearwurkje te litten mei de oare swimbaden fan Optisport.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)