Ynbrekker oanhâlden yn wenhûs

© Omrop Fryslân
Yn in wente oan 'e Gaffelaar yn Frjentsjer is tiisdeitemiddei in ynbrekker oanhâlden. De bewenner seach by thúskomst in byldskerm yn 'e keuken klearstean. De ynbrekker hie ek noch in paske fan him yn 'e broeksbûse,
Fierder waard in tas mei ynbrekkersark oantroffen. De plysje hat de man(20) fêstnommen. De ynbrekker is in man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak. Op it plysjeburo die bliken dat er noch 121 dagen sitte moast.