Pander-timpel foarearst ticht

De Pier Pander-timpel by de restauraasje
De Pier Pander-timpel yn 'e Ljouwerter Prinsetún bliuwt foarearst op slot nei de ynbraak fan tiisdeitemiddei. Yn de timpel binne fiif marmeren bylden te sjen. Dy steane achter glês. In besiker seach tiisdei dat in man achter it glês stie. Om dêr te kommen hie er in houten plaat stikken makke.
De weriepening nei de restauraasje fan de timpel is ûnderdiel fan de Pier Pander-manifestaasje yn Ljouwert. Dy rint noch oant jannewaris.