'Nij begjin' yn Littenseradiel

Boargemaster Liemburg fan Littenseradiel
B &W fan Littenseradiel hawwe yn in notysje fêstlein hoe't se yn de takomst mei inoar fierder wolle. It stik hat de namme 'In nij begjin' krigen. Yn de notysje binne ôfspraken makke om argewaasje yn de takomst foar te kommen. Grutste probleem wie te min kommunikaasje, sa blykt no.
De ôfspraken geane oer in nije portefeuilleferdieling, fleksibele beskikberheid en mear gearwurking en oerlis.