Cambuur moat ljocht oanpakke

14 aug 2007 - 17:43

Fuotbalklub Cambuur moat fan 'e KNVB foar 1 oktober har ljochtynstallaazje ferbetterje. It spul foldocht net oan de nijste UEFA-noarmen. Om útstjoerings op tv mooglik te meitsjen moat de ljochtopbringst 800 lux wêze. Cambuur hat no 500 lux.

Der moatte sterkere pitten komme dy't meiïnoar 100.000 euro kostje. As de Ljouwerters de oanpassings net op 'e tiid op oarder ha rinne se it risiko fan in boete.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)