Flearmûzeprobleem noch net oer

14 aug 2007 - 17:07

De bou fan 'e Kenniskampus by de NHL komt oer in pear wike mooglik stil te lizzen. It ministearje fan lânbou kin dat dwaan as bliken docht dat de alternative fleanrûte foar flearmûzen oer it terrein net goed wurket.

It ministearje hie krityk op de alternative rûte fan hikken mei plastik, mar dy is moandei ferbettere. De kommende wiken wurdt ûndersocht wat de flearmûzen no krekt dogge en oft ekstra maatregels nedich binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)