Bommelding stasjon Hearrenfean

14 aug 2007 - 16:28

Fanwege in bommelding op it stasjon fan it Hearrenfean binne stasjon en busstasjon troch de plysje ûntromme. Ek it treinferkear fan en nei it Hearrenfean is stilset. De omjouwing fan it stasjon is ôfset.

De bommelding is dien nei oanlieding fan in 'fertochte wite tas mei Arabyske tekens' dy't achterlitten is by de blommesaak op it stasjon. De plysje hat de eksplosive oprommingstsjinst EOD ynskeakele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)