'Pas keatsreglemint oan'

14 aug 2007 - 16:09

Op it punt fan 'e skuon fan de keatsers moat it keatsreglemint oanpast wurde. Dat sizze de acht haadklasse-keatsers nei oanlieding fan de straf dy't se krigen hawwe fan de beropskommisje fan de KNKB. De kommisje joech de keatsers in boete fan 250 euro, omdat se op it wiete fjild yn Boalsert net fierder keatse woene op skuon sûnder noppen.

De keatsers fine dat de feiligens fan de sporters foar gean moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)