Us Mem is rôze ferve

14 aug 2007 - 10:57
Us Mem hat no mear fan in Milka-ko....

It byld fan Us Mem yn Ljouwert is moandeitenacht rôze ferve. Unbekenden hawwe dat dien as protest tsjin de mishanneling fan homo's. Der hinget in tas om it byld fan de ko mei in tekst dy't de aksje útleit. It boadskip komt fan in persoan or organisaasje dy't himsels G.R.I.M. neamt.

Yn Amsterdam binne homo's de lêste tiid geregeld slachtoffer fan mishanneling, mar yn Fryslân is noch gjin oanjefte dien fan sok geweld.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)