Man yn rolstoel bestellen

© Omrop Fryslân
In man en in frou yn in kabriolet hawwe moandeitemiddei yn it bosk by Beetstersweach de beurs stellen fan in man(61) út Wynjewâld. De man ried yn syn rolstoel oer de Sânleane, doe't in man en in frou yn in lúkse auto fregen oft er jild wikselje koe. De man kin syn hannen net goed brûke en joech dêrom syn beurs oan de frou.
Dy goaide de beurs nei de man en dy helle it jild derút. Dêrnei binne de twa útnaaid.