Marrit Ewald nei WK

Marrit Ewald (foto Martin de Jong)
Marrit Ewald is opnommen yn de Oranje-seleksje foar de wrâldkampioenskippen turnjen fan takom moanne yn Stuttgart. De 15-jierrige ynwenster fan Ljouwert is de iennichste Friezinne yn de seleksje no't Berber van den Berg der mei ophâlden is. Marrit Ewald begûn mei turnjen yn har wenplak by OBQ. No traint se by TSH: Turncentrum Sportstad Heerenveen.