Ferwûnen by oanriding Wâldwei

By in oanriding op de ôfrit fan de Wâldwei by Nyegea binne moandeitemiddei trije minsken út in persoane-auto ferwûne rekke.
In frachtwein út de rjochting fan Burgum ride oer de Kommisjewei yn de rjochting fan De Pein en kaam yn botsing mei in persoane-auto dy't fanôf de Wâldwei kaam. Ien fan de ferwûne persoanen waard út de auto slingere. Alle ferwûne minsken binne oerbrocht nei it sikehûs.