'Medisyngebrûk kin goedkeaper'

© Omrop Fryslân
Der kin yn Fryslân mear as hûndert euro yn it jier besparre wurde op it medisyngebrûk. Dat docht bliken út in ûndersyk dat holden is by trije Fryske fersoargingshuzen. Dêrby hawwe húsdokter, apteker en meiwurkers fan it fersoargingshûs kritysk sjoen nei it medisyngebrûk fan bewenners mei mear as fiif medisinen.
De fersoargingshûzen dy't meidien ha, binne Sinnehiem yn Haulerwyk, 't Bildt yn St. Anne en Swettehiem yn Ljouwert.