Jonge (14) betaast famke (4)

yn dizze boskjes gebeurde it
In famke (4) is ein juny betaaste yn Drachten. Se wie dêr op besite by in omke dy wennet yn de wyk de Swetten. It famke boarte op sneon 23 juny by de boarterstún by de Draaikolk. Se is bûten de boarterstún misbrûkt yn de boskjes. In 14-jierrige jonge sit fêst op fertinken fan it delikt.
De heit fan it famke hat in moanne letter de ruten ynsmiten by de heit fan de fertochte. Dy saak is ôfdien as in insidint, der binne ekskuses makke.