Auto en motor botse

© Omrop Fryslân
Yn Akkrum binne sneintemiddei in motor en in auto op inoar botst. In frou rekke dêrby ferwûne.
In autobestjoerder út Aldeboarn ride achterút oer de Buorren, mar gie wer foarút doe't in oare auto ynienen stilstie. In motorrider út Harns botste op de auto fan de Boarnster. De frou dy't achterop de motor siet is mei lichte ferwûnings nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.