Drankrider rydt wol hiel hurd

12 aug 2007 - 14:52

De plysje hat sneontenacht op de Haulerwyksterwei in drankrider(22) út it doarp Een oanhâlden. De man ried mei de auto 120 kilometer yn 'e oere op in stik dêr't je mar 60 kilometer ride meie. De man fersette him tsjin syn oanhâlding en waard dêrom meinommen nei it plysjeburo.

Op it buro die bliken dat de man dronken hie. It rydbewiis fan de Drint is ynfoardere omdat hy in begjinnend bestjoerder is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)