Dokkumers oppakt nei houwerij

12 aug 2007 - 13:38

De plysje hat freedtenacht op de Dokkumer Merk fjouwer jongeren oanhâlden nei in fjochtpartij. It giet om twa jonges fan 15, ien fan 14 en ien fan 16, allegearre út Dokkum. Der waard oanjefte dien troch in jonge fan 16, dy't sein dat er klappen krigen hie. Hy soe slein wêze mei de broekriem fan ien fan 'e Dokkumers.

Nei it opnimmen fan ferklearrings waarden de jongeren wer loslitten. De plysje docht noch fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)