Nij Frysk rekôr pealsitten

12 aug 2007 - 11:43

Trije pealsitters hawwe sneontejûn yn Kollum it Frysk rekôr pealsitten brutsen. Tongersdeitemoarn stapten se op en sneontejûn om tsien oere kamen se der wer ôf. Dat binne meiïnoar 60 oeren; it âlde rekôr stie op 58 oeren.

Sân dielnimmers begûnen oan de rekôrpoging. Uteinlik makken trije de 60 oeren fol. Dy trije meie in bedrach fan 1600 euro ferpartsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)