Schievink fierljepkampioen
Op it Frysk kampioenskip fierljeppen yn Winsum wie der by de topklassers in ferrassende kampioen. Henk Schievink fan Burgum wûn mei in sprong fan 19.21 meter en dat wie ek in nij persoanlik rekôr. Jacob Scherjon fan Burgum wûn it by de junioaren mei 17.83 meter.
By de jonges waard Alwin Fonk, ek fan Burgum, kampioen mei 17.43 meter en de 14-jierrige Anna Jet Leyenaar fan Snits wûn by de froulju mei 14.81 meter.