Walter de Vries kampioen IFKS

11 aug 2007 - 16:29

Walter_de_Vries, skipper fan de Goede Verwachting fan Sleat is kampioen wurden fan it IFKS 2007. Moast de skipper freed de wedstryd noch ferlitte, by de lêste wedstryd op de Lemmer kaam der wer as ien fan de earsten oer de finishstreek. Tony_Brundel wûn de lêste wedstryd en bemachtige sa in poadiumplak.

Foar De_Vries is it foar it earst dat hy it IFKS wint. De 36-jierrige skipper sylt al 12 jier op it skûtsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)