Fallende stjerren te sjen

11 aug 2007 - 10:30
Foto: Omrop Fryslân

De kommende nachten binne hûnderten fallende stjerren te sjen boppe Fryslân. De stjerrerein is it bêste te sjen yn 'e nacht fan snein op moandei. Op it hichtepunt giet it om tsientallen fallende stjerren yn 'e oere.

De stjerrerein wurdt feroarsake trochdat de ierde troch in stofwolk giet. De stofdieltsjes soargje foar in ljochtspoar.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)