Tankauto yn kanaal

11 aug 2007 - 10:17
Foto: Omrop Fryslân

Op de A7 by It Hearrenfean is sneon in tankweinkombinaasje fan de dyk rekke en yn in kanaal riden. De sjauffeur (24) út Swifterbant kaam út 'e rjochting Drachten en ried rjochting De Jouwer. Troch ûnbekende oarsaak rekke er mei syn wein de fangrail.

De tankauto ferfierde dong. De brânwacht hat skotten pleatst sadat de dong en de motoroalje en de benzine net fierder it kanaal yn dreau. De sjauffeur is nei it sikehûs ta brocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)