Alves praat net mei de parse

Ik bin hjir om te fuotbaljen, net om mei sjoernalisten te praten, sei Alves
Sjoernalisten fan Fryske media wachten freedtemiddei fergees op in ôfspraak mei Afonso Alves. SC Hearrenfean hie de parsemoeting organisearre, mar parsefrou Tina Lageweg dielde mei dat Alves 'foarearst gjin nocht' hat om mei sjoernalisten te praten.
Ek yn it skoft fan 'e wedstriid Hearrenfean-Espanyol woe Alves gjin antwurd jaan op fragen. "Ik bin hjir allinnich om te fuotbaljen, net om mei sjoernalisten te praten", sei er.