Yn mini-boatsje nei Estlân

10 aug 2007 - 18:35

Op de minycamping fan de famylje Holtrop yn Dolsterhuzen ferbliuwe op dit stuit twa nuvere gasten. It giet om in heit en in soan út Estlân. Se farre tûzenen kilometers fan Ingelân nei hûs. In ôfstân fan mear as 2000 kilometer en dat dogge se mei in ûngebrûklik lyts boatsje.

It boatsje fan Heiki en Andres_Hanso is mar 3,5 m lang. Dochs hawwe se dermei op folle see fearn, it Kanaal tusken Ingelân en Frankryk oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)