De Vos ferrassende winner IFKS

10 aug 2007 - 16:25

Jeroen de Vos hat himsels út in degradaasjeposysje syld troch de wedstryd by De Lemmer te winnen. Kees Riezenbos, dy't op in lêste plak stie yn it klassemint, die ek goede saken troch as fyfde binnen te kommen.

Klassemintslieder Walter de Vries hie it swier en moast it wedstrydwetter ferlitte. Hy is net mear wis fan in oerwinning: it klassemint stiet no wer iepen foar feroaring. Sneon wurdt de lêste wedstryd fan it IFKS syld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)