Schuil nei tredde ronde
Beachvolleyballer Richard Schuil hat de tredde ronde helle fan de European Champions Tour yn Scheveningen. Tegearre mei Reinder Nummerdor wûn hy yn de twadde ronde fan Kais en Vesik út Estlân. It waard 21-15 en 21-12.
Sneon spilet de âld-Ljouwerter de tredde ronde.