Joadsk tsjerkhôf fertutearze

10 aug 2007 - 14:39

It âldste Joadske tsjerkhôf fan Fryslân yn Warkum is slim fertutearze. De muorren om it begraafplak hinne sitte fol skuorren en guon fan de meiinoar seis grêfstiennen binne hielendal stikken.

It tsjerkhôf is fan it Israëlitysk tsjerkegenoatskip yn Amsterdam, mar de gemeente Nijefurd is ferantwurdlik foar it ûnderhâld. B. en w. hawwe al besletten om it tsjerkhôf fan 1664 op te knappen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)