Drugspake oppakt foar smokkel

10 aug 2007 - 12:47

In 78-jierrige Fries sit yn Rotterdam yn de sel op fertinking fan de smokkel fan 4.000 kilo kokaïne fan Súd-Amerika nei Rotterdam. It opspoaringsteam fûn in pear wike lyn 40 kilo kokaïne yn houten balken yn in kontener op in skip fan Brazilië nei Rotterdam.

De Fries heart mooglik by in groep dy't foar beide partijen ferantwurdlik is. De kokaïne hat in strjitwearde fan 180 miljoen euro; it is ien fan de grutste fangsten fan de lêste 10 jier.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)