Schuil nei twadde ronde

10 aug 2007 - 12:35

Beachvolleyballer Richard Schuil hat syn earste wedstriid fan de European Champions Tour yn Scheveningen wûn. Tegearre mei Reinder Nummerdor wûnen sy yn de earste ronde fan de Belgyske kombinaasje Joosen en Roelandt mei 21-19 21-15.

Fannemiddei moatte Schuil en Nummerdor yn de twadde ronde tsjin Kais en Vesik út Estlân.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)