NHL fersteurt flearmûzen

10 aug 2007 - 11:29

De Noordelijke Hegeskoalle Ljouwert NHL driget in twangsom oplein te krijen foar it fersteuren fan in fleanrûte foar flearmûzen. De skoalle is dwaande mei de nij- en ferbou fan de Bouhof by it Rengerspark en dêrby sitte se de flearmûzen yn it paad.

Neffens it ministearje is by de sanearing fan de Oude Meer in fleanrûte fan de bisten fernield yn in kwetsbere tiid. In alternative rûte is mar foar de helte klear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)