Skeelertocht giet troch Hijum

© Omrop Fryslân
De 20ste Bartlehiemster Skeelertocht giet dit jier foar it earst troch Hijum. De organisaasje sjocht dit as earbetoan oan de yn 1999 ferstoarne skeelerder Willem Poelstra, dy't yn Hijum wenne. Ynset fan de wedstriid is dan ek de Willem Poelstra-trofee, de priis foar de striidlustichste rider.
De skeelertocht is dit jier op 18 augustus en telt mei yn de ynternasjonale kompetysje om de Holland Inline Cup.