Fjouwer oanhâldings yn Snits

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdeitenacht yn Snits fjouwer manlju oanhâlden foar mishanneling. It giet om twa Snitsers fan 20 en 22 jier, in man fan de Hommerts fan 20 jier om in man fan Twellegea fan 30. De fertochten hiene op de Jousterkade in pear minsken lestich fallen. Ien fan harren, in ynwenner fan Delft(20), krige dêrby in klap tsjin de holle.
De oanleiding foar de rúzje is de plysje noch net hielendal dúdlik.