Aktivisten negeare Algra

10 aug 2007 - 07:50

Under grutte belangstelling ha de diere-rjochte-aktivisten har tongersdei melden yn Appelskea foar in trijedaags kamp. De ôfrûne tiid hat der in soad kommoasje west oer it kamp. CDA-steatelid Rendert Algra fynt it in treningskamp foar terroristen en wol dat it ferbean wurdt.

Algra besocht noch yn petear te reitsjen mei de aktivisten, mar dy negearden him folslein en rûnen sûnder wat te sizzen it terrein op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)