Nije Fryske mosterd op 'e merk

09 aug 2007 - 22:15

De Fryske bierbrouwer Us Heit yn Boalsert bringt neist bier en whisky no ek in Fryske moster op de merk. Yn de moster sit de eigen Fryske hynder- whisky ferwurke.

Ferline jier kaam it bedriuw út Boalsert mei in eigen whisky dy't bot suksesfol is. De bierbrouwerij wol yn de takomst ek noch oare produkten ûntwikkelje, sa as in whiskylikeur en in tsiissoart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)