Studinte mooglik fermoarde

09 aug 2007 - 22:00

De man (21) út Easterwâlde dy't der fan fertocht wurdt dat er syn freondinne Tessa Klaver fan Donkerbroek(19) om it libben brocht hat, hat dat mooglik mei opset sin dien. Dat kaam tongersdei nei foaren by de rjochtsaak yn Grins. De saak is oanhâlden, omdat der ûndersyk dien wurdt nei de nije oanwizingen.

Tessa Klaver waard yn april dea fûn yn har keamer yn Grins. Sy en de fertochte studearren dêr beide.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)