Hennepplanten tusken maïs

09 aug 2007 - 13:54
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat woansdei yn twa maïsfjilden yn Hoarnstersweach goed twatûzen hennepplanten oantroffen. De fjilden binne fan in 59-jierrige man, dy't net wist dat de hennep tusken syn maïs ferboud waard.

Sân plysjes ha de maïsfjilden woansdei trochsocht en alle hennepplanten ferneatige. De plysje hat noch gjin idee wa't der achter de kwekerij sit.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)