Harns hat nije wethâlder

09 aug 2007 - 13:46

Harns hat in nije wethâlder. De fertrouwenskommisje hat besletten Frans Zomers (49) foar te dragen. Dy hat jierrenlang wethâlder west yn Bergen (NH). Op dit stuit wurket er by de gemeente Haarlemmermeer.

Zomers wie lid fan de VVD, mar dêr is er út stapt. Hy hat in lokale liberale partij oprjochte. Zomers folget yn Harns Waaijer op dy't opstapte nei in kritysk rapport fan de rekkenkeamer. Zomers krijt deselde portefeuille.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)