Feehannelers prate oer mkz

Sa'n 60 feehannelers kamen tongersdei yn Ljouwert byelkoar om ynformeel by te praten oer de tongbliermaatregels yn Fryslân. It bestjoer fan de feemerk hie de gearkomste organisearre om't de feemerk troch dy maatregels stil leit.
Gewoanwei is de merk in wichtich moetingsplak foar de hannelers. Neffens foarsitter Kingma stean de hannelers allegear achter de strange maatregels om in mooglike fersprieding fan tongblier tsjin te gean.