Domela te sjen yn Amsterdam

© Omrop Fryslân
In part fan de kolleksje fan it Ferdinand Domela Nieuwenhuis Museum fan It Hearrenfean is te sjen yn Amsterdam. It museum lient foar de tentoanstelling HELD! yn de Nieuwe Kerk it betinkingsalbum út 1904 út mei in 10-tal portretten en de búste dy't Frans Werner yn 1919 fan Domela makke.
It betinkingsalbum bestiet út 55 keunstwurken. HELD! is gearstald troch it Ryksmuseum yn ferbân mei it 400ste bertejier fan Michiel de Ruyter.