Nilsson nei Saint Etienne

09 aug 2007 - 00:04

Sportklub Hearrenfean-fuotballer Lasse Nilsson giet fuortendaliks nei it Frânske Saint Etienne. De Sweed hat in kontrakt tekene foar fjouwer jier. Nilsson kaam yn de simmer fan 2004 nei It Fean. De oanfaller spile yn trije seizoenen 89 offisjele wedstriden foar Hearrenfean en makke dêryn 23 doelpunten.

De ploech fan trainer Gertjan Verbeek sil no in opfolger foar Nilsson sykje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)