Nij bosk by Schatzenburg

Ron van Booma
By Schatzenburg by Menaam wurdt in hiel nij bosk fan 22 bunder grut oanlein, dat ek tagonklik wurdt foar de ynwenners. Dat plan is it plan fan eigner Ron van Booma.
Fjouwer jier lyn wie der ek al in bosk, mar dat waard hielendal roaid. Fierder woe Van Booma de bosk net langer iepenstelle foar de ynwenners fan Menameradiel, omdat dy soargje soene foar ôffal tusken de beammen, mar dêr komt er no op werom.