Soad fraach nei programmeurs

08 aug 2007 - 20:31

ICT-bedriuw Arrix Optimus yn Drachten wol yn in jier tiid tweintich nije programmeurs oannimme. De krappe arbeidsmerk sit de útwreidingsplannen lykwols yn it paad.

Nije programmeurs binne hast net te krijen. Der binne in soad bedriuwen út op nije programmeurs. Arrix Optimus sit mei noch twa oare oan inoar relatearde bedriuwen yn ien gebou en wol der ek noch sa'n gebou by bouwe. Der wurkje no acht minsken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)