Gau beslút oer seehûnekresj

It beslút oer it asyl foar de seehûnen komt tichtby
De seehûnekresj Pieterburen sil nei de fakânsje in definityf beslút nimme oer de mooglike ferhuzing nei Fryslân. Dat hat in wurdfierster bekendmakke. In nije kresj by de Kollumerwaard makket de measte kans. Leny 't Hart hat begjin juny sein dat petearen mei de gemeente en in projektûntwikkelder yn in fier stadium binne.
De kresj praat ek noch mei de gemeente De Marne en de provinsje Grins om op de besteande lokaasje te bliuwen.