Keunstner foar rjochter

08 aug 2007 - 18:01

De Drachtster keunstner Jan Ketelaar moat tongersdei yn Utert foar de rjochter ferskine. Hy waard yn novimber by Baarn fan de dyk ôfhelle doe't er mei in heftruck ûnderweis wie mei in grut byld fan oardel ton.

De plysje fûn dat it byld fiersten te grut wie om noch goed sicht op de dyk te hawwen. Mar de keunstner sels fynt dat der gjin gefaar foar it ferkear west hat. Hy wegeret dan ek in boete fan fyftich euro te beteljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)