Tsjummearum wint Freule

Tsjummearum hat woansdei de Freule yn Wommels wûn. It partoer wûn yn de finale mei 5-4, 6-4 fan Goaiïngea. Dat partoer wist yn in tige spannende finale foar te kommen mei 4-2, mar moast dochs belies jaan. Goaiïngea wie ferline jier ek ferliezend finalist.
Tsjummearum, mei Arnold Zijlstra, Hans Wassenaar en Steven de Bruin, wie de grutte favoryt foar de winst op de Freule. It partoer hie dit seizoen al seis fan de sân ôfdielingspartijen wûn.