Heale finales op Freule

De Freulepartij yn Wommels is oan de heale finales ta. Tsjummearum, dat in steand nûmer hie, spilet tsjin Makkum. Dat fersloech yn in spannende striid Berltsum mei 5-5, 6-6.
Goaiingea stiet ek yn de heale finale. It partoer fersloech Sint Anne mei 5-0, 6-0. Dat hie trije omlopen ferrassend goed spile, mar wie yn de fjirde list it paad folslein bjuster. Wjelsryp wûn ferrassend maklik fan it sterk achte Wommels mei 1-5, 4-6.