Fjirde list bekend

08 aug 2007 - 15:10

Op de Freule yn Wommels is de fjirde list bekend. Berltsum, Makkum, Sint Anne, Goaiingea, Wommels, Wjelsryp en it favorite Tsjummearum ha har pleatst. It lêste partoer hat op de fjirde list in steand nûmer en giet automatysk fierder nei de heale finale.

Op de tredde list wiene gjin spannende partijen te sjen. Sint Anne presteart opfallend goed oant no ta. De Biltkers skeakelen Minnertsgea út en moatte no tsjin Goaiingea.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)