Mear kokaïnetesten ferwachte

08 aug 2007 - 13:57
Foto: Omrop Fryslân

Ferslavingssoarch Noard-Nederlân ferwachtet yn de rin fan de wike in gruttere fraach nei de mooglikheid om kokaïne te testen op fersmoarging. Tiisdei is ek yn Grins drugs fûn dêr't atropine yn siet.

Earder waarden gebrûkers yn Alkmaar siik fan 'smoarge' kokaïne. Ien persoan is stoarn oan de gefolgen dêrfan. Yn Fryslân is, foar safier bekend, de fersmoarge kokaine noch net yn omloop.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)