Freule ta oan tredde omloop

Op de Freule keatspartij ha de measte favoriten har ek op de twadde omloop net ferrasse litten. Boalsert wûn de buorljustriid tsjin Hartwert, Tsjummearum wûn maklik fan Jelsum en Wommels wie Seisbierrum de baas.
In spannende striid wie der te sjen tusken Goaiingea en Grou. Grou wist nei in lange efterstân noch hast te winnen, mar Goaiingea wie krekt op 'e tiid wer by de les: 5-5, 6-2. Sint Anne wûn ferrassend fan Frjentsjer.