Kolleezje slút frede

Mei ekskuzes en ferklearrings fan betrouwen tinke B en W fan Littenseradiel der dochs út te kommen meiinoar. B en W ha in ferklearring opsteld wêryn't wethâlder Hernamdt har spyt útsprekt foar útspraken dy't se dien hat oer wethâlder Doting.
Hernamdt en boargemaster Liemburg seine earder it betrouwen op yn Doting mar komme dêr no op werom: se sprekke no it betrouwen út yn dy syn funksjonearjen.